Healbleate man op Kruisstraat

© Omrop Fryslân
Twa famkes fan 10 en 12 jier fan It Hearrenfean binne tongersdeitejûn yn harren wenplak lestich fallen troch in healneakene man. Om healwei sânen hinne waard it âldste famke yn de J.H. Kruisstrjitte oansprutsen troch de man.
De man siet yn in auto mei syn broek nei ûnderen. Deselde man benadere it oare famke op de Julianawei. De plysje is op syk nei tsjûgen. De man ried yn in swarte auto en hie in sinnebril op.