Banebeurs: 4.400 besikers

© Omrop Fryslân
De banebeurs Baanbrekers yn it WTC Expo yn Ljouwert hat 4.400 besikers lutsen. Dêrfan hawwe der 135 op de beurs in arbeidskontrakt tekene by ien fan de dielnimmende bedriuwen en organisaasjes.
Dêrneist binne der in soad ferfolchôfspraken makke en wie der in soad belangstelling fan besikers om in eigen bedriuw op te setten. De Baanbrekersbeurs wie in inisjatyf fan Fryske gemeenten, skoallen, it bedriuwslibben en it UWV Werkbedrijf.