Fiat-leafhawwers ride rally

De Fiat Topolino
In groep leden fan de Fiat Topolino Club Nederlân hat tongersdei in tuskenstop yn Weidum makke om dan freed fierder te reizgjen nei Tallinn yn Estlân. De groep sil fanút dat plak de Rally fan Monte Carlo fan 1939 nochris oerdwaan.
Yn dat jier ha twa manlju út Den Helder yn swier winterwaar mei de Italiaanske folksauto de 6.000 kilometer lange tocht makke. Se dienen dêr seis dagen oer, de groep Topolino leafhawwers is no fiif wiken ûnderweis.