De Jouwer wint fan Germania

23 apr 2009 - 21:40

Sneinshaadklasser De Jouwer hat tongersdei in belangrike oerwinning helle. Tsjin Germania yn Groesbeek waard troch in doelpunt fan Shutlan Axwijk mei 1-0 wûn. De Jouwer spile nei tsien minuten troch in reade kaart fan Björn Schilder al mei tsien man. Op slach fan rêst krige Boy Seijkens fan Germania ek read.

Yn de twadde helte koe De Jouwer troch goed keeperswurk fan Hessel Altenburg de winst fêsthâlde. De Jouwer is der no hast wis fan dat it net degradearret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)