Bouwmeester fjirde yn Hyères

Marit Bouwmeester (argyffoto)
Marit Bouwmeester stiet nei tsien races yn de sylwike yn it Frânske Hyères op it fjirde plak. Op tongersdei kaam de sylster fan Warten yn de Laser Radialklasse trije kear yn aksje. Se waard fiifde, twadde en 49ste. Dat lêste resultaat kin se ôflûke.
Yn it klassemint stiet de Tsjechyske Veronika Fenclova mei 31 punten op it earste plak. Marit Bouwmeester hat 53 punten. Freed is de ôfslutende medaljerace foar de earste tsien.