Stenden jout muzykterapy

© Omrop Fryslân
De Stendenhegeskoalle yn Ljouwert begjint yn septimber mei de oplieding muzykterapy. De terapy wurdt foaral brûkt by âlderen en handikapten. It is in fak yn ûntwikkeling, mar it wurdt hieltyd populêrder yn de soarch. Dat komt omdat der alweroan mear ûndersyk dien wurdt dat oantoant dat de terapy sukses hat.
De oplieding is rjochte op in âldere groep studinten, dy't al in HBO-diploma hat en ek al wurket.