Keppel skiep mishannele

Skieppehâlder Jos Robroek mei syn fee
In groep fan sân man op in boat hawwe in keppel skiep op it Marrekrite eilantsje yn de Tsjûkemar sa sa slim mishannele dat twa skiep dea binne en ien noch fuort is. Sa'n bytsje de helte fan de goed 30 skiep rint mank trochdat de mannen besocht ha de skiep te fangen en se wer los te litten op de A-6 tichtby it eilân.
De bisten binne foarige wike freed fan it eilân helle. Se binne brûkt om de rûchte op it eilân oan te pakken en dat slagge hiel goed.