Trije skorsings by Cambuur

23 apr 2009 - 13:16
  • Ter Heide; ien fan de trije spilers dy't skorst is.

Cambuur moat it freed yn de útwedstriid tsjin FC Dordrecht dwaan sûnder Ruud ter Heide, Michael Jansen en Danny Guijt. Sy binne alle trije skorst. It is noch net presys dúdlik wa't der moarn yn de basis stean sil yn Dordrecht.

Mark de Vries moast de training stake mei in blessuere. It liket der op dat Ale de Boer en Dennis van der Ree yn de basis stean. FC Dordrecht kin freed de lêste perioadetitel pakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)