Utwreiding smookferbod Fryslân

Stook- en smookferbod yn Stellingwerven
De gemeente Eaststellingwerf slút him oan by it smook- en stookferbod yn natuergebieten yn de súdeasthoeke fan de provinsje Fryslân. Woansdei makken Weststellingwerf en Opsterlân al sa'n ferbod bekend. It ferbod wurdt oankundige yn ferbân mei de droechte fan de lêste dagen.
Dêrtroch wurdt it gefaar fan brân grutter. It is ferbean om bygelyks in kampfjoer te hâlden of barbekjûwe yn it bosk.