Bob Schepers yn Oranje

Bob Scheepers yn Oranje (foto: Cambuur)
SC_Cambuur spiler Bob_Schepers is selektearre foar it Nederlânsk alvetal ûnder de 17. Oranje ûnder de 17 docht fan 6 oant en mei 19 maaie mei oan it Europeesk Kampioenskip yn Dútslân.
Schepers is ien fan de grutte talinten fan Cambuur. De Ljouwerter profklup hat him al foar langere tiid fêstlein. Schepers traint ek al geregeld mei de earste seleksje fan Cambuur