Hearrenfean ticht by UEFA-cup

23 apr 2009 - 12:23

De oerwinning fan SC Hearrenfean woansdeitejûn tsjin Volendam is fan hiel grut belang foar de klup. Net allinnich betsjut it pleatsing foar de bekerfinale, mar de mannen fan trainer Trond Sollied binne ek sa goed as wis fan UEFA-cup fuotbal. It fyfde plak op de ranglist is dêr genôch foar. En dêrfoar hoege de Feansters noch mar ien punt te heljen út de lêste trije kompetysjewedstriden.

De kaartferkeap foar de bekerfinale begjint op 29 april.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)