Proef behâld wurk jongeren

23 apr 2009 - 11:57

De gemeente Ljouwert en Fryske skoallen en bedriuwen komme mei in proef om mear jongerein oan it wurk te hâlden en op te lieden. Neffens Wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert is dat hurd nedich, omdat benammen jongeren it yn dizze krisistiid dreech hawwe om oan it wurk te kommen. Ek is it dreech om tydlike learbanen foar learlingen te finen.

De Grinzer heechlearaar Jouke van Dijk ferwachtet dat der sa'n 12.000 jonge Fryske wurkleazen by komme sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)