Hearrenfean-fans oanfallen

23 apr 2009 - 00:21

Under de bekerwedstriid Volendam-SC Hearrenfean hat der woansdeitejûn in grutte fjochtpartij yn Volendam west tusken supporters fan Ajax en fans fan Hearrenfean. De beide groepen sieten tsjinoer elkoar yn twa kafees de wedstriid te folgjen.

Nei de goal fan de Friezen foel de hurde kearn fan Amsterdammers it kafee oan en sloech alles stikken. Dêrby rekken fjouwer Hearrenfean-supporters slim ferwûne en moasten nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)