PvdA bliuwt by stânpunt JSF

22 apr 2009 - 20:25

De PvdA bliuwt by it stânpunt om net yn te stimmen mei de oanskaf fan twa testtastellen fan de JSF. De fraksje is net oertsjûge fan it betooch fan steatssikretaris Jack de Vries fan Definsje yn it debat fan woansdei.

De PvdA wol in goeie fergeliking fan de mooglike opfolgers fan de F-16. Ek D66 is der noch net klear foar om in beslút te nimmen foar de oanskaf fan de JSF. It CDA, CU, VVD en SGP binne foar de oanskaf fan de Joint Strike Fighter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)