Bom Raard is auto-ûnderdiel

In âld ûnderdiel fan in auto soargje woansdei foar opskuor yn Raard by Dokkum. By graafwurksumheden yn syn tún fûn Tom Feddema in stik stiel dat er net thúsbringe koe. Omdat yn de Twadde Wrâldoarloch op itselde plak in fleantúch delstoartte, wie Feddema benaud foar in eksplosyf.
Omdat ek de plysje it net fertroude waard de Explosieven Opruimingsdienst ynroppen. Dy seach nei ûndersyk dat it net in bom wie, mar in fearkop fan in âld Citroën.