Tekoarten by provinsje

© Omrop Fryslân
Yn it húshâldboekje fan de provinsje giet yn 2010 foar it earst in heal miljard euro om. Dat is bekend makke by de presintaasje fan de kadernota foar 2010. Yn dy begrutting is de provinsje noch behoarlik weromhâldend, der wurdt net in soad jild stutsen yn nij belied. En der binne ek noch in pear tûkelteammen. Sa wurdt it hiel dreech om in nije slûs by Starum te beteljen. Yn de rinnende begrutting driget fierder in oerskrieding fan tusken de 3-5 miljoen.