Gjin brede skoalle Akkrum/Grou

Akkrum krijt gjin brede, mar wol in nije skoalle
Akkrum en Grou krije definityf gjin brede skoalle. Dat hat it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan Boarnsterhim besletten. Der is jierren lang praten oer de brede skoallen dêr't ûnder oare de biblioteek en de sportferienings in plakje yn krije moasten.
Troch jildkrapte is dat foar Boarnsterhim lykwols net langer te beteljen. De skoallen krije no noch wol beide in nij gebou, mar dy sille sa sober mooglik wêze.