Twa ynbraken bedriuwen It Fean

© Omrop Fryslân
By twa bedriuwen oan it_Turfskip en de Kimslede op It_Hearrenfean is tiisdeitejûn ynbrutsen. De plysje sleat it gebou oan it Turfskip ôf, yn de hoop de ynbrekkers te pakken. Mar dy wiene op dat momint al fuort en dwaande mei in ynbraak by in bedriuw oan de Kimslede.
By de ynbraken waard jild en kompjûters stellen. De technyske resjerzje ûndersiket de saak.