Lemster oppakt foar stellerij

22 apr 2009 - 11:00

Mei de oanhâlding fan in 32-jierrige man fan De_Lemmer hat de plysje in rige stellerijen oplost. De man syn dwaan en litten waard nei in bekeuring neier ûndersocht en sa koe hy keppele wurde oan meardere dieverijen. By syn hûs waard stellen guod út Alkmaar fûn, ûnder oare in motor.

De man bekende dat hy ek yn syn wenplak in auto en in motor stellen hie. It guod is yn beslach naam. De plysje hat ek noch twa fertochten fan heling oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)