Deadebetinking ek yn Kûbaard

22 apr 2009 - 10:20

64 jier nei de ein fan de Twadde Wrâldoarloch wurdt ek yn Kûbaard in deadebetinking hâlden. Nei in lange syktocht is ûntdutsen dat der fiif oarlochslachtoffers út Kûbaard komme. It giet om Jouke Cnossen, Simentje Bijlsma-Dijkstra, Ype Hemstra, Rients Tjipke Jorna en Siebren Koopmans. Dy lêste twa binne sneuvele yn Nederlânsk-Ynje. De betinking is op 4 maaie. Dan wurdt ek in monumint ûntbleate. Dêrop steane de nammen fan de fiif slachtoffers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)