Heech skoalfersom Flylân

22 apr 2009 - 07:01

Flylân is yn Nederlân de gemeente mei it heechste skoalfersom. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Unicef. It oantal bern dat yn 2007 net nei skoalle gie, stiigde fan 1,8 nei 2 persint. It giet dan om 50.500 bern.

Neffens de ûndersikers wurdt it skoalfersom min registrearre troch gemeenten. It Ryk soe neffens de ûndersikers ekstra ynvestearje moatte yn lesprogramma's dy 't de útfal tsjingean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)