Mega-oarder troch teleskoop

© Omrop Fryslân
Trije Fryske bedriuwen wurkje mei oan de bou fan de grutste teleskoop op de wrâld tusken Exloo en Buinen yn Drinte. Neways út Ljouwert en Hanotex fan De Jouwer wurkje mei, mar de grutste bijdrage wurdt levere troch it bedriuw Autonational fan Drylts.
Dat ûntwikkele antennes, wêrfan't der 2824 troch hiel West Europa pleatst wurde. Mei-inoar foarmje de antennes in gigantyske teleskoop, wêrmei't it hielal oant de oerknal ta ûndersocht wurde kin.