Drachtster Boys wint bekerduel

© Omrop Fryslân
Drachtster_Boys is heale bekerfinalist. De ploech fan trainer Luitzen_Nijboer wûn mei 3-1 yn en fan Holwierde. Dennis_Jansen sette de Drachtsters al nei trije minuten op foarsprong. Nei de 1-1 by it skoft, wie Drachtser_Boys yn de twadde helte de bettere ploech. Willem_den_Hartogh en Pieter_Jelle_de_Jong makken dien wurk.
Drachtster_Boys moat it yn de heale finale opnimme tsjin de winner fan Sportklup De Jouwer-Sportklup Erica.