Roorda spilet tsjin Volendam

Geert Arend Roorda begjint yn ´e basis (foto: Martin de Jong)
Geert_Arend_Roorda spilet woansdei yn de heale finale fan de beker tsjin FC_Volendam yn de basis. De Fries sil it plak ynnimme fan Michal_Svec, dy´t begjint as rjochtsback. Svec ferfangt Michel_Breuer. De oanfierder foel yn de wedstriid tsjin Utrecht út mei in ljiskblessuere. Ek Daryl_Janmaat is der net by, omdat hy skorst is troch syn reade kaart tsjin Utrecht.
Hans_Vonk stiet wer op de goal. Brian_Vandenbussche hat noch mar ien kear meitraind en begjint op ´e bank.