Ofskie Tichelaar fan Keamer

Jacques Tichelaar: nei Drinte
PvdA-Twadde-Keamerlid Jacques_Tichelaar hat tiisdei ôfskie naam fan syn direkte kollega´s. Mei yngong fan 1 maaie wurdt Tichelaar kommissaris fan de Keninginne yn Drinte. Hy hat sân jier yn de Twadde Keamer sitten.
Yn de lêste kabinetsûnderhanneling wie Tichelaar bemiddelder. Dêrnei wie er in jier foarsitter fan de PvdA-keamerfraksje. Dy funksje lei er ferline jier del omdat er net rjocht sûn wie. Fryslân hat no ien fertsjintwurdiger minder yn Den_Haach.