'Ynboargering moat makliker'

21 apr 2009 - 16:20

De ynboargeringswet dy't goed twa jier ferlyn ynfierd waard, is foar gemeentes net altyd maklik om út te fieren. Yn 'e gemeente Ljouwert moatte in pear tûzen allochtoanen noch ynboargerje. De gemeente wol no dat de regels minder streng wurde.

Yn Ljouwert moatte yn trije jier tiid 750 allochtoanen op les. Guon dielnimmers hawwe de grutste muoite it eksamen te heljen. Ljouwert hat de minister fan yntegraasje frege de eksamens makliker te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)