'Gjin heale defibrillator'

21 apr 2009 - 14:33

Fuotbalklups yn Ljouwert binne min te sprekken oer de gemeente Ljouwert. Dy soe tasein hawwe defibrillator's foar it grutste part te beteljen. Mar wethâlder Florijn liket der no op werom te kommen. De gemeente wol net mear as de helte betelje. Dat soe foar de lytsere fuotbalklups in grutte finansjele strop wêze.

De feriening fan Ljouwerter fuotbalklups sil no alle riedsfraksjes oanskriuwe om dochs noch gelyk te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)