Jawshaai yn Natuermuseum

21 apr 2009 - 14:01
  • De pypskomhaai komt yn it atrium te lizzen

Yn it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert wurdt in wite haai fan 6,5 meter lang neiboud. De opbou fan 'e Jawshaai moat yn 'e maaiefakânsje mear besikers nei it museum lûke.

Preparateur Chris Walen makket de gefaarlike minske-iter út pypskom. Hy wurket yn opdracht fan in natuermuseum yn it Spaanske Sevilla. Dêrfoar krijt it Fryske natuermuseum in lyts 10.000 euro. De opbou fan 'e wite haai begjint woansdei. Foar 1 juny moat it klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)