Eask 5 jier sel Ljouwerter

Fiif jier sel easke tsjin Ljouwerter fan 80 jier
Tsjin in 80-jierrige ferkrêfter út Ljouwert is tiisdei fiif jier selstraf en TBS easke. De man misbrûkte fjouwer jonge jonges út 'e buert. Hy wûn it fertrouwen fan 'e jongens troch harren kado's te jaan en mei te nimmen nei fuotbalwedstriden. De man is earder foar itselde fergryp feroardield yn Amsterdam en Bakhuzen. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.