Wenje yn konteners Oentsjerk

21 apr 2009 - 13:12

Yn Oentsjerk kin fan takom jier ôf jongerein yn seekonteners wenje. Oan de Kaetsjemuoiwei komme fjouwer kontenerhuzen. Elk hûs bestiet út twa konteners. De huzen kostje sawat 350 euro hier yn 'e moanne.

Studinten fan de NHL en it Friesland College sille de kontenerhuzen bouwe. As it projekt in sukses wurdt, lit wenningstifting Accolade mear seekontenerwenten delsette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)