Harnzer kaapt yn Somalië

21 apr 2009 - 11:37

In skip mei in kaptein út Harns is sûnt sneon yn hannen fan Somalyske kapers. Hendrik Toxopeus is kaptein fan it baggerskip Pompeï. Hy wennet mei syn frou en fjouwer bern sûnt in pear moanne yn Harns. Dêrfoar wenne er yn Sâltkamp. Syn broer Jelte Toxopeus neamt de situaasje soarchlik.

It baggerskip is eigendom fan de Belgyske firma Jan de Nul. Neffens Peter Mertens fan it krisissintrum wie der snein foar it lêst kontakt mei Toxopeus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)