Famke falt út beam
In famke fan seis jier út Sigerswâld is moandeitejûn út in beam fallen. Se rekke dêrby ferwûne. It famke wie yn 'e beam by it hûs oan 'e Akenwei dêr't se wenne klommen. Doe't in tûke ôfbruts, foel se op 'e grûn.
It famke bruts de linker earm by de fal út 'e beam. Se it mei in sike-auto nei it sikehûs yn Drachten brocht.