Huzeprizen opnij sakke

De priis fan huzen yn Fryslân is ek yn maart wer sakke. De delgong fan huzeprizen wie hjir sels it grutst yn hiel Nederlân. Keaphuzen wiene yn maart trochinoar hast fjouwer persint goedkeaper as in jier ferlyn. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk, it CBS.
Eardere sifers fan it CBS wiisden al út dat it dy kant útgean soe. De jiersifers fan de makeldersferiening NVM lieten ek in flinke delgong sjen.