Slim ferwûne nei fal fan dak

21 apr 2009 - 10:06

In 43-jierrige ynwenner fan Dokkum rekke moandei slim ferwûne nei't er fan in dak fallen is. De man wie oan it wurk op it dak fan in bedriuw oan de Burdaarderstrjitwei. Hy en syn kollega besochten in airconditioning derôf te heljen.

De man is nei alle gedachten útgliden en doe nei ûnderen fallen. Hy is mei ferwûnings oan 'e holle nei it sikehûs fan Dokkum oerbrocht. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it bedriuwsûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)