Voedselbank yn Achtkarspelen

Ek Achtkarspelen krijt in itensútdielplak (argyfopname omrop)
Achtkarspelen krijt in Voedselbank. De nije foarsjenning komt yn Surhústerfean. Minima kinne dêr fan freed 8 maaie ôf terjochte. De bank yn Achtkarspelen is oprjochte op fersyk fan de itensbank yn 'e gemeente Smellingerlân. In soad minsken fregen yn buorgemeente Smellingerlân om in itenspakket.
It itensútdielpunt yn Surhústerfean wol gearwurkje mei de sosjale tsjinst fan de gemeente en seis oare Voedselbanken.