Broer deputearre fersint him

21 apr 2009 - 00:43
  • De broer fan deputearre Galema fersint him by de stimmerij oer Súdwesthoekegemeente

Riedslid Jan Galema fan it CDA yn de gemeente Wûnseradiel is tsjin in grutte Súdwesthoekegemeente, mar stimde moandeitejûn dochs foar. Galema fersinde him yn it ûnderwerp dêr't oer stimd waard.

Hy tocht dat er syn miening jaan moast oer de namme fan de fúzjegemeente, mar hie net yn de gaten dat er dêrmei tagelyk foar de hiele weryndieling wie. In soad makke it net út foar de stimferhâldings. Mei Galema derby wiene 11 fan de 15 riedsleden foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)