Jong Cambuur ferliest dik
Jong Cambuur hat moandeitejûn dik ferlern fan Jong Heracles. Yn de ien nei lêste wedstryd fan de kompetysje waard it 6-3 yn Almelo. Healwei de wedstriid seach Cambuur al tsjin in 4-0 efterstân oan.
Nei de 5-0, krekt nei rêst, spilen de Ljouwerters wat better. Yn tsien minuten tiid brochten Mike Koenders, Eric Wegh en Kees Tol de efterstân werom ta 5-3. Troch in strafskop fan Jong Heracles waard it noch 6-3. Jong Cambuur bliuwt lêste yn de kompetysje.