Fertochte brannen Snits bekent

De 42-jierrige Snitser dy't fertocht wurdt fan brânstifting yn trije flats yn Snits, hat bekend. De man waard moandeitemoarn oanhâlden. Hy stuts sneintenacht trije flats oan de Lemmerweg-Oost yn 'e brân.
Yn de earste flat begûn de brân by in motor dy't yn de hal parkeard stiet, yn de twa oare flats waard in papierkontainer yn brân stutsen. Bewenners koene net nei bûten en waarden mei ledders en de heechwurker fan de brânwacht fan de balkons rêden.