Jayme Miller bliuwt by Aris

20 apr 2009 - 16:00

De Amerikaan Jayme Miller spilet ek it kommende seizoen foar Aris Friesland. De twa meter en trije sintimeter lange forward hat syn kontrakt mei de Ljouwerter basketballklup mei in jier ferlingd.

Aris is tige ynnommen mei de kontraktferlinging. Miller wie ôfrûne seizoen ien fan de dragende spilers fan it team. Hy skoarde yn trochsneed 15 punten en pakte 7 rebounds.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)