Sjitpartij: 10 en 12 jier sel

20 apr 2009 - 14:44

De twa Antillianen dy't fertocht waarden fan de sjitpartij op it Frijheidsplein yn Ljouwert yn maaie 2007 binne moandei yn heger berop feroardiele ta 10 en 12 jier sel.

De haadfertochte krige mei dy 12 jier deselde straf as earder fan de rjochtbank. Hy soe de oanstichter west hawwe fan 'e sjitpartij, al hat er sels net sketten. De twadde fertochte waard troch de rjochtbank feroardiele ta 9 jier sel, mar hat dus no in jier mear krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)