Wike fan ambacht útein set

20 apr 2009 - 14:33

Op 'e Jouwer waard moandei de wike fan de ambacht iepene. Mei in gearkomste mei pommeranten en ambachtsfolk en in ynformaasjemerke foar jongerein en wurksykjenden waard oandacht skonken oan echte bakkers, slachters en oare ambachtsberoppen yn Noard-Nederlân.

De Jouwer wol him graach profilearje as de ambachtsstêd fan it noarden. En neffens wethâlder Gerard Hemmes is De Jouwer dêr poer geskikt foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)