Stroomsteuring yn binnenstêd

20 apr 2009 - 14:26

It sintrum fan Ljouwert is moandei troffen troch in grutte stroomsteuring. Sa'n 2.000 oanslutings oan de súdkant fan de binnenstêd ha in skoft sûnder stroom sitten. Nei ferwachting wurdt de steuring yn de rin fan de middei ferholpen.

De steuring rekket tal fan grutte organisaasjes. Sa sieten it haadkantoar fan de Friesland Bank, it treinstasjon, it provinsjehûs, de Ljouwerter Krante, de rjochtbank en De Harmonie oerenlang sûnder stroom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)