Jûn de weryndielings-finale

© Omrop Fryslân
Yn Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel en Boalsert prate de gemeenterieden moandeitejûn oer de fúzjeplannen. De rieden beslute jûn oft de fúzje ta dy iene grutte Súdwesthoekegemeente al of net trochgean moat.
Ferline wike waard by de behanneling yn de ferskate kommisjes al dúdlik dat de mearderheid fan de riedsleden noch hieltiid foarstanner is fan in fúzje. Mar de wjerstân ûnder de befolking liket lykwols ek ta te nimmen.