Skylge: moanne fan 'e ierde

Skylge ferwachtet in posityf effekt op de besikersoantallen troch 'de moanne fan de ierde'. Snein is dy moanne begûn. It giet om in evenemint dat organisearre wurdt troch it eilân yn 'e mande mei de tv-stjoerder en it blêd National Geographic.
Doel is om omtinken te freegjen foar it moaie mar ek it kwetsbere fan de ierde. Op Skylge binne in moanne lang lêzings en eksposysjes. Underdiel fan de moanne fan de ierde is de dei fan de ierde, op woansdei 22 april.