Aldskoat wol langer lûdskerm

© Omrop Fryslân
Aldskoat wol dat it lûdsskerm by de A-32 del trochlutsen wurdt oant de Tsjongerbrêge. Want de minsken oan de eastkant fan it doarp ha in soad lêst fan de sneldyk. De winsk fan it doarp stiet yn 'e nije doarpsfyzje dy't it ôfrûne wykein presintearre is.
Fral de minsken oan de eastkant fan it doarp ha in soad lêst fan it iepen asfaltbeton dêr't in soad lûd fan ôf komt. Mjittings fan Rykswettersteat wize út dat it lûd noch wol binnen de wetlike grinzen falt.