Brânstifting:Snitser oanhâlden

De plysje hat sneintenacht in Snitser (42) oanhâlden op fertinking fan brânstichting yn trije flats yn de wyk Lemmerweg-Oost. Yn twa flats, oan de Hein Doekesstrjitte en de Liaukemastrjitte, ûntstiene grutte brannen wêrtroch de bewenners ynsletten rekken.
Mei-inoar moasten 16 minsken troch de brânwacht fan harren en partikulieren mei ledders fan balkons rêden wurde. Yn in tredde flat ûntstie op sawat it selde momint brân yn in de hal.