Keukenbrân yn Frjentsjer

19 apr 2009 - 20:27

Yn Frjentsjer hat sneintejûn in keukenbrân west yn in hûs oan de P.F. Catsstrjitte. De brân ûntstie om ûngefear kertier oer sânen, troch de frituerpanne.

De bewenner koe it fjoer sels útmeitsje mei help fan in brânblusser. De branwacht fan Frjentsjer waard noch wol oproppen en hat noch in ynspeksje útfierd. De bewenner fan it hûs oan de Catsstrjite hat lichte brânwûnen oprûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)