Epke Zonderland: goud en brûns

Epke: sterk optreden yn Slovenië (foto Martin de Jong)
Epke Zonderland hat snein by de wrâldbekerwedstriden yn Maribor goud wûn oan it rek. Mei in skoare fan 15,500 bleau hy 'thústurner' Aljaz Pegan 0,200 foar.
Op de brêge helle Epke Zonderland it brûns mei in puntetotaal fan 15,175. Dat wie 0,600 minder as de Sloveen Mitja Petkovsek en 0,100 minder as de Poal Adam Kierzkowski.