'Faksinaasje op skoallen'

© Omrop Fryslân
De faksinaasje tsjin baarmoederhalskanker foar famkes moat yn Ljouwert op skoalle jûn wurde. Dat fynt de PvdA yn de stêd. Sa is wis dat de bern de prik krije en hoege se hast gjin lessen te missen.
De PvdA stelt skriftlike fragen oan it kolleezje fan B & W. Deryn jout de fraksje oan dat der mear foarljochting komme moat oer de prik. It is hiel wichtich dat de trije prikken yn in heal jier tiid jûn wurde, oars is de wurking net garandearre.