De Jouwer wint mei 3-1

19 apr 2009 - 16:28

Sneinshaadklasser De Jouwer hat goede saken dien yn de striid tsjin degradaasje. Op it eigen fjild waard mei 3-1 wûn fan Alcides út Meppel.

Tsjin alle fuotbalwetten yn kaam De Jouwer yn de earste helte op in 2-0 foarsprong. Alcides wie de bettere ploech, mar Zabih Etemadi en René Geertsma soargen foar de 2-0. Alcides kaam yn de twadde helte op 2-1. Ynfaller Nico de Jong sette de 3-1 einstân op it skoareboerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)